Swierferwûne man oantroffen op de Sintrale As by Sumar

Op de Sintrale As by Sumar is sneontejûn in swierferwûne man oantroffen. Neffens de plysje giet it om in man út Feanwâlden, dy't earder op de dei as fermist opjûn wie. Troch noch ûnbekende oarsaak is de man mei syn scooter ûnderút gien. Oer de krekte tastân fan de Feanwâldster is neat bekend.
De plysje docht op it stuit ûndersyk nei hoe't it ûngelok krekt barre koe.
© De Vries Media