Triemstra-en-dy pakke earste seizoensoerwinning yn Dokkum

16 jun 2018 - 17:19

It partoer fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra hat sneontemiddei it haadklassekeatsen yn Dokkum wûn. Yn in spannende finale wûnen Triemstra-en-dy mei 5-5 en 6-0 fan it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. It wie dit jier de earste oerwinning foar Triemstra, Drent en Kootstra yn in frijeformaasjepartij.

Bauke Triemstra

De tredde priis yn Dokkum gie nei Auke Boomsma, Marten Feenstra en Laas Pieter van Straten. Hendrik Kootstra waard sneontemiddei útroppen ta kening fan de partij.

Tjisse Steenstra

Foto: Omrop Fryslân, Koos Wieling
(advertinsje)