Noppert ûnderút tsjin Webster op trettjinde Players Championship

16 jun 2018 - 16:54

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is sneontemiddei yn syn tredde partij ûnderút gien by it Players Championship yn it Ingelske Wigan. Noppert ferlear yn dy wedstriid mei 6-3 fan Mark Webster út Wales; de Lakeside-kampioen fan 2008. Earder op de dei wûn de Jouster wol fan Ingelskman Ryan Meikle (6-4) en it Dútske talint Max Hopp (6-2).

Snein wurdt yn it Robin Park Tennis Centre yn Wigan ek noch it fjirtjinde Players Championship fan it jier hâlden. Danny Noppert is troch syn resultaten op de Players Championships dit jier al wis fan dielname oan it finaletoernoai op telefyzje; dat wurdt ein novimber yn Minehead spile.

(advertinsje)
(advertinsje)