Auto en frachtwein botse op de N31 by De Pein

16 jun 2018 - 16:15

Op de N31 by De Pein binne sneontemiddei in auto en in frachtwein mei-inoar yn botsing kaam. Nei alle gedachten botste de auto tsjin de frachtwein oan. By it ûngelok soe de bestjoerder fan de auto ferwûne rekke wêze.

Meiwurkers fan de plysje en de ambulânse wienen oanwêzich om earste help te ferlienen. Ferkear moast fanwegen it ûngelok rekken hâlde mei fertraging.

Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
ûngelok N31 De Pein
(advertinsje)