Ald-Hearrenfeanspilers Cavlan en Slagveer nei FC Emmen

16 jun 2018 - 15:56

FC Emmen hat twa âld-Hearrenfeanspilers oanlutsen foar it kommende seizoen. It giet om ferdigener Caner Cavlan en spits Luciano Slagveer.

Foto: Awfoto.nl

De 26-jierrige Cavlan komt oer fan de Turkske klup Boluspor. De 24-jierrige Slagveer hat it ôfrûne seizoen spile foar degradant FC Twente. Hy hat oan de begjin fan syn karriêre yn de jeugdoplieding fan FC Emmen sitten.

Nei Hearrenfean spile Slagveer ek noch foar Lokeren yn België. De Belgyske klup is ek noch hieltyd eigener fan Slagveer. FC Emmen is it ôfrûne seizoen promovearre út de Jupiler League en spilet it kommende seizoen yn de earedifyzje.

(advertinsje)