Skûtsje omslein by trainingswedstriid Slach om Heech

By de Slach om Heech is sneontemiddei it skûtsje Hoop op Zegen omslein. By it ûngelok is ien persoan ferwûne rekke. It slachtoffer wie nei it ûngelok noch oansprekber en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
De Slach om Heech is in trainingswedstriid foar skûtsjes dy't meidogge oan de IFKS. Yn totaal dogge der hast fyftich skûtsjes mei yn fjouwer ferskate klassen. De wedstriden wurde op de Hegemer Mar syld.