Omrop TIP: Surventobrass live by Omrop Fryslân

16 jun 2018 - 15:07

Op in oantreklike manier brassbandmuzyk hearre litte. Mei dat doel steane op sneon 16 juny alle dielnimmende brassbands yn De Flambou (Surhústerfean) op it poadium by Surventobrass. It jierlikse festival foar brassbands út alle difyzjes wurdt fan 17.20 oere ôf live útstjoerd fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Surventobrass by Omrop Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Muzikaal amusemint

Op elke tredde tongersdei fan juny wurdt it jierlikse festival foar brassbands hâlden. Dit jier is it de 10e edysje fan Surventobrass yn de Flambou yn Surhústerfean. By it Surventobrass festival stiet net allinnich de muzyk sintraal, mar it giet foaral ek om it amusemint en it kontakt mei it publyk. De bands meie dêrby sels har programma gearstalle fan op syn heechst 30 minuten. In solistysk wurk wurdt dêrby ek oanrekommandearre, de solist tinget mei nei de solistepriis. Oan it festival dogge dit jier 9 brassbands mei.

Streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân

It festival is op sneon 16 juny streekrjocht te folgjen op Omrop Fryslân op ynternet fia Omropfryslan.nl/live en fia de Omrop-app. Fan 17.20 oere ôf oant en mei de priisútrikking. Tusken de optredens troch soargje Sijtze van der Hoek en Andries de Haan foar skerpe ynterviews mei diriginten en orkestleden. Mear ynformaasje oer Surventobrass is te finen op Surventobrass.nl.

It Koperkanaal

By it festival wurde ek opnamen makke foar it fideokanaal en de audiostream 'Koperkanaal' fan Omrop Fryslân. Koperkanaal is der spesjaal foar leafhawwers fan de muzyk fan harmony, fanfare en brassband. Koperkanaal bestiet út livestreams fan HaFaBra eveneminten, it fideokanaal op YouTube, de audiostream Omropfryslan.nl/koperkanaal en it radioprogramma Koperkanaal FM (alle sneinen tusken 6.00 en 8.00 oere op 'e radio).

(advertinsje)