Fryske brânwachten betinke omkommen kollega's

Fryske brânwachtkorpsen betinke sneon 97 kollega's dy't omkaam binne sûnt de Twadde Wrâldoarloch.
© René Wiegmink
Om ien oere sneontemiddei hawwe de korpsen de flagge healstôk dien en hawwe se it 'eareteken fan wetter' jûn. Dat is in earebôge dy't foarme wurdt troch twa brânwachtspuiten wêrfan't de strielen inoar op 10 meter hichte kruse.
De betinking fan de brânwachtminsken dy't by it útoefenjen fan har wurk om it libben kommen binne, bart eltse tredde sneon yn juny. By it monumint yn Schaarsbergen is de lanlike betinking fan de brânwacht. De earste betinking wie yn 2012 by it Nasjonaal Brânwachtmonumint yn Arnhem.