Justysje: "Gjin oanwizingen foar misbrûk yn Nederlân troch sekstoerist"

It Iepenbier Ministearje hat noch gjin oanwizingen dat de yn Nepal foar bernesekstoerisme oppakte man út Makkingea (66) him ek yn Fryslân skuldich makke hat oan bernemisbrûk. Dat seit wurdfierder Jeichien de Graaff fan it lanlik parket fan it Iepenbier Ministearje.
Justysje © Shutterstock.com
De fertochte is in bernepsychiater. Hy wie yn syn fak aktyf yn Fryslân en yn Drinte. It Iepenbier Ministearje is no fan doel om de âlden fan eardere pasjinten fan de man oer de saak te ynformearjen mei de mooglikheid om kontakt op te nimmen. Ek ûndersiket justysje saneamde 'gegevensdragers' dy't de plysje by in hússiking by de man yn beslach nommen hat.

Prioriteit

It bestriden fan bernesekstoerisme is al in skoft prioriteit foar justysje. Dat wurdt dien troch in spesjaal plysjeteam bestriding berneporno & bernesekstoerisme yn oparbeidzjen mei de pleatslike plysje en helporganisaasje Terre des Hommes.
It byld fan de spesjalisearre plysjeminsken is dat it geregeld foarkomt dat guon fertochten har allinnich yn lannen fier fuort skuldich meitsje oan bernemisbrûk, faak by bern yn 'kwetsbere situaasjes'. De Graaff slút net út dat dat ek jildt foar de man út Makkingea, mar dêr wurdt de saak net minder earnstich fan. "We schrikken iedere keer bij zo'n melding. Justitie neemt dit hoog op", seit se. De bernepsychiater sit op dit stuit fêst yn Nepal op fertinking fan bernemisbrûk. Dat kin de man in selstraf opleverje fan alve jier.
Wurdfierder Jeichien de Graaff fan it iepenbier ministearje
Wurdfierder Jeichien de Graaff fan it lanlik parket © Jeichien de Graaff