Fisk fange kinne se wol, no noch de jeugd binnenangelje

Sportfisk-ferienings sjogge al jierren it tal jeugdleden werom rinnen. Om dêr wat oan te feroarjen, organisearret Sportvisserij Fryslân trije eveneminten dêr't jeugd leart hoe't se it bêste in fisk fange kinne.
© Omrop Fryslân
De bern leare op it evenemint ek hoe't se mei de fongen fisk omgean moatte. Sneon wurdt de aktiviteit foar de earste kear hâlden, dit bart op de Grutte Wielen yn Ljouwert. Ferskate karperfiskers, wytfiskers en rôffiskers wiene dêr oanwêzich om tips te jaan oan bern yn de leeftiid 9 oant en mei 16 jier.
Se sitte allegear achter de kompjûter, spultsjes te spyljen. Mar se moatte gewoan ris in kear nei bûten ta gean. Dan sjochst echt hoe moai as dat fiskjen is.
Ien fan de dielnimmers fan it evenemint
Hast 40 bern wiene oanwêzich by it earste evenemint. De dielnimmers krigen demonstraasjes oer hoe't se it bêste in fisk fange kinne. En hoe't je mei de fongen fisk omgean moatte. Ek koene de jongerein it wetter op om sels te sjen hoe't in djiptemjitter wurket, of om sels te sjen hoe in fronttroller it fiskjen makliker makket.
"De wekker om fjouwer oere, om fiif oere by it wetter. Fiskje. Dat is toch folle leuker as gamen", sei ien fan de dielnimmers.
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld by it evenemint op De Grutte Wielen
Fisk fange kinne se wol, no noch de jeugd binnenangelje
De ôfrûne jierren nimt it tal jeugdleden by sportfiskferienings ôf. Troch eveneminten te organisearjen tinkt de organisaasje mear jeugdleden te krijen. "Jongerein wol graach wat mei-inoar dwaan. Op sa'n evenemint binne se mei in groep en dat stimulearret se om sels wer it wetter op te gean. Om mei-inoar wer in grouwe fisk te fangen."
Bern wolle graach dat we saken foar se organisearje. As se net meinaam wurde yn de sport, dan gean se net út harsels fiskjen.
Tamme Smit - Sportvisserij Fryslân
Yn july en septimber wurde de eveneminten yn Wolvegea en Snits hâlden.