Klikstirns bliuwt fuort fan de Amelanner Feugelpôlle

Wêr't normaal sprutsen twa- oant trijetûzen spantsjes klikstirnzen briede, sit der no gjinien mear op de Feugelpôlle op It Amelân. En dat is foar it earst yn jierren. Natuerbeskermers hawwe ea mei om dizze wichtige briedkoloanje hiel bot harren bêst dien om de Feugelpôlle tsjin ôfslach te beskermjen. En no binne de klikstirnzen der net mear.
© Ecomare/Salko de Wolf
In oare hiel kwetsbere soart hat foar in part harren plak ynnommen. Der briede no 40 spantsjes lytse stirnzen op it meast eastlike puntsje en dat wie der ferline jier mar ien. Wêrom't de klikstirnzen fuortbleaun binne, is net te sizzen.
Ferline jier binne alle piken nei heech wetter opfretten troch seemokken. Foar in part liket it der op dat de Amelanner klikstirnzen op ûnder oare Teksel en by Petten bedarre binne.