Festival Promised Land komt mei ekskuzen

16 jun 2018 - 11:10

De organisaasje fan it Promised Land Festival yn Ljouwert hat op Facebook ekskuzen oanbean foar saken dy't ferline wike net goed gien binne. Se sizze dat se it hoarekapart tenei oars organisearje sille en better rekken hâlde wolle mei de groei fan it festival.

Wachtrigen

Tsientallen besikers lieten nei it útferkochte festival klachten achter op Facebook. Grutste punt fan krityk wiene de lange wachtrigen. Besikers skreaune dat se guon tiden wol in oere wachtsje moasten op harren bierke of in besite oan it húske. Om tsien oere jûns koene minsken boppedat gjin drankjes mear krije oan de bar, om't it bier op wie.

De organisaasje skriuwt dat alle muntsjes fan it Promised Land Festival fan dit jier jildich bliuwe foar 2019. Yn totaal luts it Promised Land Festival dit jier 10.000 besikers.

Foto: Promised Land Festival
(advertinsje)