Net earlike konkurrinsje swimbaden De Jouwer

16 jun 2018 - 10:23

It swimbad Gymnasion op'e Jouwer hopet dat de Ried fan Steat in ein makket oan de net earlike konkurrinsje fan it swimbad Swimfun, dat dêr krekt njonken leit. Swimfun krijt fan de gemeente De Fryske Marren subsydzje, wylst Gymnasion it sûnder gemeentlik jild dwaan moat.

Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

In fersyk fan Gymnasion om ek subsydzje te krijen, hat De Fryske Marren ôfwiisd. Freed wie der in sitting by de Ried fan Steat, oanspand troch de gemeente De Fryske Marren. De gemeente is it net iens mei in earder beslút fan de rjochtbank yn Ljouwert dy't stelt dat de gemeentlike subsydzjeregeling foar Swimfun net doocht.

De Ried fan Steat docht oer in pear wike útspraak.

(advertinsje)