Fryske fertochte bernesekstoerisme noch fêst yn Nepal

16 jun 2018 - 10:13

De Fryske bernepsychiater dy't tongersdei yn Nepal oanhâlden is foar bernesekstoerisme sit noch fêst yn it lân. De saak wurdt op dit stuit ûndersocht troch de Nederlânske plysje, mar it is noch net dúdlik oft er ek oerlange wurdt oan de Nederlânske autoriteiten.

In poster tsjin sekstoerisme op Schiphol - Foto: ANP

"In januari 2017 kwam de man voor het eerst in het vizier van ons team," fertelt Gideon van Aartsen fan Terre des Hommes as reaksje op de oanhâlding. "Hij werd gezien met een ongeveer 13-jarige jongen, waarmee hij dingen deed die verdacht waren. Later bleek dat de man zo'n drie keer per jaar naar Nepal reisde en daar met allerlei verschillende jongens werd gezien."

We zijn er niet tegen dat mannen gestraft worden in het land waar ze de feiten gepleegd hebben.

Gideon van Aartsen, Terre des Hommes

De Nepaleeske plysje waard troch it team fan Terres des Hommes warskôge. Wêrnei't de Fries op de die betrape waard. Mar it is noch mar te fraach oft de man yn Nepal ek foar de oare saken ek ferfolge wurde kin. "In Nepal kunnen alleen zaken die zes maanden oud zijn vervolgd worden." Dit betsjut dat eventuele oare saken dy't de man hjirfoar mooglik dien hawwe soe, net yn Nepal behannele en ferfolge wurde kinne.

Nederlân of Nepal

De Nepaleeske slachtoffers wurde troch Terre des Hommes holpen om psychysk mei de saak om te gean. Ek wurde se stipe om in paad mei in bettere takomst yn te slaan.

De man sit noch fêst yn Nepal, en it is noch net dúdlik oft er oerlange wurdt oan de Nederlânske plysje. Foar Van Aartsen is it om it even: "Wij zijn niet tegen het feit dat de mannen gestraft worden daar waar ze de feiten plegen. Daar is wat een strenger beleid dan hier in Nederland."

(advertinsje)