Kollum: "Central Commission Flat Bottom Ship Sailing"

16 jun 2018 - 08:20

"Taal, it wie de ôfrûne wiken in soad yn it nijs. Op de Nederlânske universiteiten wurde al mar mear yn Ingelsk skreaune stúdzjes oanbean en dêr komme minsken tsjin yn it ferhef. It Nederlânsk as taal wurdt fansels krekt sa goed as it Frysk sa stadichoan oan alle kanten ynfiltrearre troch it Ingelsk. Sjoch mar nei alle eveneminten dy't dizze simmer yn ús provinsje barre.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

It ûntbrekt der noch mar oan dat we in spesjale edysje 'from the Central Commission Flat Bottom Ship Sailing also known as de SKS' en de 'Big Special Edition from the Permanent Commission out of the city of Franeker that the locals know as the very famous PC ballgame'op it programma hawwe. It liket wol of wolle de hippe marketeers ús leauwe litte dat as it mar Ingelsk is, der minsken op ôfkomme.

Earlik sein leau ik dêr net sa yn en om echt hiel earlik te wêzen fyn ik dat it Frysk as taal sa'n moaie klankkleur hat dat de eveneminten krekt like goed yn it Frysk oankundige wurde kinnen hienen. In moai foarbyld datoangeande is Nynke Laverman, dy't by it slotkonsert fan it Oranjewoud festival sei dat se it leafst yn it Frysk sjongt. De minsken klappe dêr echt net minder foar. As de kwaliteit fan it oanbeane mar goed is.

Moaie Fryske en ek Nederlânske wurden dy't net folle mear brûkt wurde driigje te ferdwinen. Op Facebook, ja dat bestiet ek noch, is De vereniging ter bevordering van het gebruik van het bedreigde Nederlandse woord aktyf. Hartstikke aardich om te folgjen. Wat docht dy klup? No, se sette in hjoeddeistich hip stikje tsjinoer in oersetting dêr't se wurden brûke dy't je net alle dagen mear hearre. Bygelyks net sizze dat vinden wij altijd leuk, mar zulks is ons immer welgevallig. Of aan- en uitzetten helpt niet, hij doet nog steeds niks feroarje yn: herstarten biedt geen soelaas, hij geeft nog altijd geen sjoege. Of: Ik scroll door mijn tijdlijn wurdt dan Ik grasduin door mijn nieuwssliert. Moaie wurden as lariekoek, fnuikend of ammehoela binne eins te moai om wei te wurden.

Soks soe der fansels ek yn it Frysk komme kinne. Sûnder dat it 'geveltsjeFrysk' wurdt, gewoan de hast ferjitten mar prachtige wurden noch in kear yn de skynwerper sette. Want we hawwe sa'n rike taal mei prachtich idioom en synonimen. It soe skande wêze as we dy taal kwyt reitsje soenen. Sis gewoan in kear fandelje en net sammelje of it ferbastere fersamelje, want ik tink dat it dêr yn de measte gefallen op delkomt. As je perpleks steane, wês dan in kear hielendal feralterearre. Sa binne der tal fan wurden dy't hast net mear brûkt wurde.

Ek noch ien foar myn achte kollega kollumnist Eelke: As je wer ris achter ien ride dy't net opsjit, lit dyselde dan yn de goedichheid wat avesearje ynstee fan sa têd foarút te preamkjen.

De Feriening ta it befoarderjen fan it brûken fan it bedrige Fryske wurd. Miskien in moai projekt om yn it jier 2019 mei te begjinnen. Of: mei úteinsette. De mooglikheden binne einleas."

(advertinsje)
(advertinsje)