Omrop TIP: Tinco Lycklama à Nijeholt

Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt (Beetstersweach, 9 july 1837 - Cannes, 7 desimber 1900) wie in Fryske jonkhear, avonturier, socialite en ien fan de earste oriïntalisten yn Nederlân. Snein yn Fryslân DOK syn libbensferhaal.
Tinco Lycklama à Nijeholt © Omrop Fryslân
Doe't er 28 jier wie, makke er in persoanlike ûntdekkingsreis nei it Midden Easten dy't goed trije jier duorre. In skoftke nei't er werom in Nederlân wie, fêstige er him yn Cannes en skreau Lycklama in fjouwerdielich boek oer syn ûnderfiningen op dy reis. Hy garre in unike samling oan easterske skilderijen en oare dingen, dy't er yn 1877 oan it stedsbestjoer fan Cannes skonk. It waard de basis fan it hjoeddeiske stedsmuseum fan dy stêd.

Beetstersweach

No, mear as in iuw letter, komt in part fan dy unike archeologyske fynsten út Cannes wei om tentoansteld te wurden yn Tinco syn berteplak: Beetstersweach. Programmamakker Bart Kingma sketst yn dizze Fryslân DOK yn byld fan it libbensferhaal fan de bysûndere Fryske avonturier; Tinco Lycklama à Nijeholt.
De Fryslân DOK dokumintêre 'Tinco Lycklama à Nijeholt' is op snein 17 juny om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.