Iepenloftspul Easterwierrum: Alice yn Wûnderlân

Alice falt yn har eigen dream en dêryn moat se besykje om alle dreamen te beskermjen. Se kin dat allinnich dwaan troch eangsten te oerwinnen. En dat is ek it boadskip fan it stik; doar te dreamen. Wy dreame safolle, mar we dogge it net. Sjoch dy eangst yn de eagen en jei dyn dreamen nei. Alice yn Wûnderlân is gjin kopy fan de bekende films, mar in gehiel eigen ferzje wêryn't skriuwer Peter Sijbenga it publyk meinimt yn de absurde fantasywrâld fan Alice.
Ferslachjouwer: Johanna Brinkman
Berneiepenloftspul Alice yn Wûnderlân, in ympresje
Yn de dream fan Alice is neat gewoan. Se komt in gekke huoddemakker tsjin en giet de striid oan mei in lilke reade keninginne. Alice, spile troch Mette van der Eems, moat ferskate opdrachten dwaan. As se by de lêste opdracht is, moat se de Tsjantelkwak deadzje. Ja, de Tsjantelkwak! En as dat slagget, feroaret Underlân yn Wûnderlân. Mar om dat foarinoar te krijen, moat se rap wêze. De reade keninginne fynt dat der koppen rôlje moatte, en seker dy fan Alice...
© Omrop Fryslân
De reade keninginne
De reade keninginne wie in ûnskuldich famke dy't op in stuit fan wat slims beskuldige waard. Dêrom fynt se no dat alles wier wêze moat. Se hâldt allinnich mar fan de wierheid, en dreamen binne stom. Dreamen binne der om stikkenmakke te wurden. Yn Underlân hat se de macht en dy wol se net kwytreitsje oan Alice en de Wûnderlanners.
© Omrop Fryslân
Ien grutte dream
Nea yn de histoarje fan it berne-iepenloftspul wiene der safolle personaazjes op it poadium te sjen as no. Fan de 36 bern dy't meidogge, hawwe tritich in rol. Der bart konstant wat nijs op de flier, wêrtroch't jo as sjogger hieltyd fernuvere wurde en de fantasy de frije loop rinne litte kinne. De bern bringe poppen ta libben en somtiden liket in sêne net te dogen. Mar alles is mooglik, want Alice yn Wûnderlân is ien grutte dream.
Wy hawwe alle frijheid om alles wat we grappich fine yn it stik te ferwurkjen. Ek al slacht it nearne op, yn de wrâld fan Alice kin alles.
Romke Gabe Draaijer, regisseur
Regisseurs Romke Gabe Draaijer en Sjoerd Blom oer it stik
It dekôr is hast in operettedekôr mei enoarme ferskowende eleminten, wêrtroch't it dekôr tsjinnet oan de bern
Sjoerd Blom, regisseur
Even wenne

It wie foar de bern yn it begjin wol wennen. It stik hat in soad frjemde wurden en teätrale sênes. Se kinne it stik no fan binnen en bûten, wêrtroch't it spul nei boppen komt. De regisseurs fine dat moai om te sjen hoe't de bern it stik harren eigen makke hawwe.
© Omrop Fryslân
Ik fyn it in hiel leuk stik, benammen om't it in bytsje frjemd is. Mar ik bin sels ek in bytsje frjemd, dus it past wol by my.
De reade keninginne, Mayte Veenstra
© Omrop Fryslân
De groep wie neffens Mayte earst net sa close. De bern út groep 7 en 8 komme fan ferskillende basisskoallen yn Littenseradiel. Troch langer mei-inoar te repetearjen en spultsjes te dwaan, komt de groep mear byinoar. Hedzer Seffinga docht foar de twadde kear mei en wol hjirnei fierder mei toaniel. Hy fynt it foaral moai om yn dit stik ferskillende emoasjes te spyljen. De iene kear is er leaf en de oare kear spilet er de baas.
Akteurs Alice yn wûnderlân
Boadskip
De wûndere wrâld fan Alice lit net allinnich sjen dat dreamen útkomme kinne. It stik lit ek sjen dat jo yn josels leauwe moatte en opjaan gjin opsje is. Ek al rint it net goed, troch posityf te bliuwen komst fierder. En kinst sels dyn grutste eangsten oerwinne.
Spyldata
Reservedata: 22 en 26 juny en 1 july.
Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst eksklusive filmkes, artikels, neibeskôgingen en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2018.