Kulturele Haadstêd rint goed: al 150.000 kaarten ferkocht

16 jun 2018 - 06:58

De iene nei de oare foarstelling fan Kulturele Haadstêd rekket gau útferkocht, sa as Holstmeer, Marijke Muoi en De Stormruiter. We sitte hast op de helte fan it Kulturele Haadstêd-jier en trijekwart fan de 200.000 beskikbere kaarten binne ferkocht. Der komme yn de rin fan it jier noch mear kaarten by fan produksjes dy't letter yn it jier plakfine.

Marijke Muoi - Foto: René den Engelsman

Heech nivo minder populêr

In ûnderdiel dat minder goed rint is de programmearring fan Strangers on Stage yn De Harmonie. Dit binne grutte ynternasjonale foarstellings dy't yn 'e Rânestêd en it bûtenlân altyd goed rinne, lykas de Japanske foarstelling Pluto (febrewaris), de Frânske foarstelling Espace (nije wike) of Slava de Russyske klown (septimber). "Het is gewoon een moeilijke markt, maar het begin steeds beter te lopen", fertelt Tjeerd van Bekkum, direkteur fan Kulturele Haadstêd. "Het gaat om podiumkunsten van hoog niveau, waarvoor we nu dus niet voor naar de Randstad hoeven. Ik hoop dat De Harmonie dit de komende jaren doorzet."

Foto: Omrop Fryslân, Robea Kleisma

Drege 'Hollanners'

"Ik vind het spannend hoe de zomer zal verlopen. Er komt nu steeds meer aanbod, mensen zullen moeten gaan kiezen. Maar we verwachten in de zomer ook veel gasten, dus dat komt vast goed", ferfolget Van Bekkum. Oan ynteresse fan bûtenlânske toeristen hat Kulturele Haadstêd net te kleien.

Neffens Van Bekkum bliuwt it lykwols wol dreech om de 'Hollanners' massaal nei de aktiviteiten yn Ljouwert te krijen. "Hier moeten we flink aan trekken. We moeten bezoekers hierheen krijgen met de grote dingen zoals Escher in het Fries Museum. Als ze hier zijn, dan moeten we ze laten zien wat er nog meer allemaal is."

Mei dus as doel dat minsken hjir langer bliuwe of yn 'e takomst werom komme.

Tjeerd van Bekkum, direkteur kulturele haadstêd

Trefwurden: 
LF2018 kaartferkeap
(advertinsje)