KNSB fangt reedriders sûnder sponsor op

Der komt in nije tydlike trainingsgroep foar topriders dy't noch gjin sponsor of eigen ploech fûn hawwe. De KNSB en NOC*NSF hawwe dêr it inisjatyf ta nommen.
© www.orange-pictures.nl
Sa kinne de riders harren dochs goed tariede op it kommende seizoen. Der komme 11 riders yn it team, wêrûnder de Olympysk kampioenen Ireen Wüst en Esmee Visser.
It team krijt Gerard van Velde en Peter Kolder as trainers. De KNSB hopet dat de topriders gau in eigen sponsor fine. Sneon is de earste training op it simmeriis fan Thialf.