Grou, Frjentsjer en Makkum nei twadde omloop IFK

De partoeren fan Grou, Frjentsjer en Makkum binne de earste trije dy't harren pleatst hawwe foar de twadde omloop fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote. Nei fjouwer dagen mei foarrondepartijen sette freed it haadtoernoai útein op It Plein yn Easterlittens.
© Henk Bootsma
Grou wie dúdlik te sterk foar Dronryp: 8-3. Frjentsjer-Menaam gie lykop oant 4-4, dêrnei pakte Frjentsjer fjouwer earsten op rige en dêrmei ek de oerwinning. Makkum gunde Tsjerkwert gjin earst en wûn mei 8-0.
De earste omloop giet moandei fierder mei trije partijen: Hartwert -Wjelsryp, Ljouwert-Boalsert en Bitgum-Baard.
Jeu de Pelote is in fariant fan it keatsen dy't ferskilt mei it tradisjonele Fryske spul: sa besteane de partoeren út fiif spilers en is it fjild in stik smeller.