Ferjonging Oerol falt ferkeard by guon Freonen fan Oerol

15 jun 2018 - 22:00

Guon Freonen fan Oerol hawwe krityk op de plannen fan de organisaasje om te ferjongjen. Se fine dat it festival der sa net moaier op wurdt. Jongerein soe foar gefaarlike situaasjes soargje op de fytspaden en him misdrage. De feriening Freonen fan Oerol is mei syn finansjele stipe de wichtichste sponsor fan it festival. Jan Tjallema fan Ljouwert is ien fan de freonen, mar seit nei dit jier syn lidmaatskip op.

Jan Tjallema fan Freonen fan Oerol - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Jan Tjallema fan Freonen fan Oerol oan it wurd

Freed is de 37ste edysje fan it Oerol-festival losgien. It festival mei tsientallen teäterfoarstellings en optredens duorret tsien dagen. Der wurde mear as 50.000 minsken ferwachte.

Trefwurden: 
Oerol krityk ferjonging
(advertinsje)