Willem Schoorstra ûntfangt Rink van der Veldepriis

Willem Schoorstra fan Ternaard hat op De Feanhoop de Rink van der Veldepriis ûntfongen. Mei de priisútrikking sette ek 'De wike fan Rink' útein, dy't de gemeente Smellingerlân dit jier mei ferskate oare partijen organisearret om Rink van der Velde hinne. De útrikking fan de priis wie ek it earste publike optreden fan de nagelnije kultuerwethâlder Marjan Sijperda fan de gemeente Smellingerlân. Sy hold har earste taspraak yn it Frysk.
Willem Schoorstra © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Marjan Sijperda en Willem Schoorstra
Tagelyk mei de priisútrikking waard ek bekend makke hokker Fryske skriuwers dizze simmer gebrûk meitsje fan de skriuwersarke fan Van der Velde. It giet om Wilma Miedema, Willem Winters en Liuwe Durksz. De eardere arke fan Rink van der Velde wurdt al sûnt 2006 ynset as tydlik ferbliuwplak fan Fryske skriuwers. Dy meie dêr net fakânsje fiere, mar moatte de tiid brûke foar in literêr projekt. Dat hat fertuten dien, want it tydlike ferbliuw yn de skriuwersarke hat al seker mear as fyftich literêre wurken opsmiten.
Rink van der Velde brûkte de arke sels benammen om te fiskjen en te streupen. Hy hie der wol in âlde typmasine stean, mar skreau net folle yn de arke.
De skriuwersarke © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Ferdinand de Jong oer 'De wike fan Rink'