Hûnderten gasten by jubileumfeest fan 150-jierrige fervefabrikant Zandleven

15 jun 2018 - 20:47

Fervefabrikant Zandleven yn Ljouwert bestiet 150 jier. It jubileum waard freed fierd mei hûnderten gasten út binnen- en bûtenlân.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It bedriuw makket ferve en poeiercoatings dy't benammen yndustrieel tapast wurde. Spesjaliteit is it beskermjen fan alle mooglike metalen tsjin rust. Oansprekkende foarbylden wêryn't de produkten fan Zandleven tapast wurde, binne hast alle grutte fuotbalstadions, mar bygelyks ek de Ljouwerter iishal.

Ferslachjouwer René Koster wie by Zandleven

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Yn it jubilearjende famyljebedriuw binne no al fjouwer generaasjes Dijkstra oan it bewâld. De hjoeddeistige direkteur, Waling Dijkstra, sjocht noch altyd takomst foar in selsstannich bestean fan Zandleven yn in wrâld dy't dominearre wurdt troch multinasjonals. "Wij hebben nog persoonlijk contact met klanten, dat stellen ze op prijs en dan wordt je ook wat gegund."

(advertinsje)