Fryske bernepsychiater yn Nepal oanholden foar bernesekstoerisme

15 jun 2018 - 20:37

In 66-jierrige bernepsychiater út Fryslân is yn de Nepaleeske haadstêd Kathmandu oanholden omdat hy fertocht wurdt fan bernesekstoerisme. De man waard op de died trappearre mei in 15-jierrige jonge op syn keamer yn in 'guest house'.

In plysjeteam hat yn Fryslân in hûs trochsocht en apparatuer meinommen. Der wurdt ûndersocht oft hy mear slachtoffers makke hat en oft er pornografysk materiaal ferspraat hat.

De oanhâlding wurdt meld troch it Iepenbier Ministearje en Terre des Hommes. Neffens Terre des Hommes wurdt it slachtoffer al misbrûkt sûnt syn alfde. De fertochte soe in goeie freon fan de famylje fan it slachtoffer wêze, sa stipet er de famylje mei jild foar de oplieding fan de bern.

Neffens Terre des Hommes reizge de Fries de ôfrûne jierren faker nei Nepal. Yn jannewaris 2017 kaam er op de radar fan de organisaasje, doe't er spot waard mei in 13-jierrige jonge. Dêrnei waard de man faker sjoen mei ferskate minderjierrige jonges.

(advertinsje)