Hoe litte je in bedriuw groeie? Printbedriuw Probo yn Dokkum lit it sjen

15 jun 2018 - 19:57

Konsintrearre geane de 300 meiwurkers fan Probo yn Dokkum troch wêr't se foar oannaam binne: it printsjen fan metersgrutte doeken, posters, doazen en behang, ek al steane 1200 klanten har wilens in iepen dei op de fingers te sjen. Dy klanten binne bygelyks designbedriuwen, reklameburo's en ynterieurarsjitekten. Sy witte Probo te finen, omdat de Dokkumers fluch leverje kinne, sa seit direkteur René de Heij. "Per dag gaan hier 20.000 files door het bedrijf, allemaal geautomatiseerd."

No bart dat noch yn acht produksjehallen, mar dat moatte der noch folle mear wurde. "Wij groeien 30 à 35 procent per jaar en ik denk dat we dat de komende jaren ook blijven doen", sa seit De Heij.

De boufergunning foar de folgjende bedriuwsútwreiding wurdt nei de simmer alwer yntsjinne by de gemeente. It past hielendal by de skiednis fan Probo. Yn 2001 waard it bedriuw oprjochte. Yn 2005 wurken der 10 minsken. No binne dat der al 300, tritich kear safolle dus.

Ferslachjouwer Jan Dirk de Haan wie by Probo

Probo sit sûnt 2010 op in bedriuweterrein oan de westkant fan Dokkum - Foto: Omrop Fryslân

We zien meer mogelijkheden en kansen dan dat we tijd hebben.

René de Heij, direkteur Probo Dokkum

Mar wat kin Probo yn Dokkum no wol, wat de konkurrinsje net kin? Oaren kinne toch ek wol in printer delsette? De Heij: "Ik denk dat het niet over machines alleen gaat. Je hebt gelijk als je zegt dat iedereen wel een printer neer kan zetten. Bij ons gaat het om de logistiek. Hoe zorg je dat je al die opdrachten in korte tijd goed kunt drukken en inpakken? Daar zit onze kracht."

No al kin Probo drukke op 200 ferskillende materialen en dat moatte der noch mear wurde. "We zien meer mogelijkheden en kansen dan dat we tijd hebben."

Op in grutte masine wurde krekt printe doeken lossnijd fan in rôle - Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de 1200 útnûge klanten is Johan Oolders. Hy hat in bedriuw foar reklamebuorden en belettering yn Midwolda. Hy kiest foar Probo foar de snelheid fan leverjen. Hy is ûnder de yndruk fan wat hy sjocht op de iepen dei: "Het is fantastisch wat je hier ziet, alles geautomatiseerd, er komt bijna geen hand meer aan te pas. Het is onvoorstelbaar."

Trefwurden: 
Dokkum Probo
(advertinsje)