Reza Ghoochannejhad net yn aksje by winnend Iran

15 jun 2018 - 19:32

It Iran fan Reza Ghoochannejhad hat freedtejûn har earste wedstriid op it WK fuotbal yn Ruslân wûn: it waard 1-0 tsjin Marokko troch in goal in blessueretiid. De Fryske Iraniër siet sels njoggentich minuten lang op de bank.

Reza Ghoochannejhad (rjochts) ferline jier by de pleatsing fan Iran foar it WK - Foto: ANP

De oerwinning fan Iran op Marokko is in ferrassing en kaam mei wat gelok ta stân. Marokko wie de meast oanfallende ploech, mar koe mar net skoare. Djip in blessueretiid koppe Bouhaddouz yn eigen goal, wêrtroch't Reza en syn lângenoaten de earste trije punten binnen hawwe.

Agil Etemadi en freonen - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Bêste freon fan Reza

Ferslachjouwer Timo Jepkema wie op besite by Agil Etemadi, âld-spiler fan SC Hearrenfean, ek diels opgroeid yn Fryslân en ien fan Reza's bêste freonen. Etemadi spile sels ek yn Iran en kin as gjin oar fertelle wat Reza betsjut foar it Iraanske fuotbal.

Mei Etemadi en freonen seach Timo mei hoe't Iran it die.

(advertinsje)