Regio Noard-Nederlân krijt der 83 plysjes by

De plysjeregio Noard-Nederlan krijt der 83 plysjes by. Yn totaal komme der yn it hiele lân 1.111 banen by. Dat hat minister Ferd Grapperhaus van Justysje en Feiligens freed bekendmakke.
De plysjeregio mei measte nije formaasjeplakken (226) is East-Nederlân. It kabinet lûkt yn totaal 291 miljoen euro út foar de útwreiding.
De plysje yn Noard-Nederlân is bliid mei de ekstra banen, seit in wurdfierder. Der sil mei it bestjoer en it Iepenbier Ministearje besjoen wurde wêr't de nije minsken op ynset wurde sille. Neffens minister Grapperhaus wurdt it in útdaging om nije agenten te finen, no't de spanning op de arbeidsmerk grut is.