Diskriminaasjemeldpunt Tûmba wol feroaringen yn Sinteklaasfeest
By diskriminaasjemeldpunt Tûmba yn Ljouwert binne se net bliid mei hoe't it Sinteklaasfeest op dit stuit fierd wurdt. Neffens Tûmba-direkteur Mirka Antolovic wurdt it feest noch brocht as in wite baas mei swarte jonges dy't helpe en in bytsje ûnnoazel binne. Dat soarget foar in ûnbewuste assosjaasje, dêr't benammen kleure bern de gefolgen fan fiele.
De oplossing
Neffens Antolovic hoecht Sinteklaas net perfoarst wyt te wêzen en soe it probleem ferholpen wêze as der Piten binne yn allegear ferskate kleuren. "De oplossing heeft tijd nodig en er zal van beide kanten naar elkaar geluisterd moeten worden."