Soad besikers foar nij Waadsintrum op Ofslútdyk

It giet sa goed mei de besikersoantallen foar it Waadsintrum op de Ofslútdyk, dat de skattingen twa moannen nei de iepening al nei boppe ta bysteld wurde moatte. Yn it foar wie útgien fan sa'n 100.000 besikers yn it jier oan it nije beleefsintrum by de Ofslútdyk. Yn de earste twa moannen ha der lykwols al 40.000 besites west.
© Omrop Fryslan, Timo Jepkema
Programmadirekteur Tjalling Dijkstra rûst it oantal besikers foar dit jier no op sa'n 150.000 oant 200.000. Hast in ferdûbeling dus. It giet neffens Dijkstra om in soad nije besikers fan de Ofslútdyk. Alle jierren komme dêr al sa'n 300.000 minsken. De besikers binne benammen gasten fan de brune float en skoalbern.