Plysje: Fertochte fotoknipper yn Feanwâlden wie gjin bernelokker

Der is gjin bernelokker aktyf yn Feanwâlden. Dat seit de plysje Noardeast-Fryslân. De man dy't earder fan 'e wike foto's makke bij in berne-opfanglokaasje yn Feanwâlden, hie dêr gjin kwea mei yn it sin.
De man hie in bern al in skoftsje gûlen heard en seach it lizzen yn, neffens him, in 'kninehok'. It gie om in sliephûske, dêr't berne-opfangorganisaasjes wol faker gebrûk fan meitsje. De man makke der in foto fan. Hy seit dat er dêrnei noch mei de opfang praat hat, om te freegjen oft sa'n hokje normaal wie.
Berne-opfangorganisaasje Kids First stjoerde dêrnei de âlders fan de lokaasje yn Feanwâlden in brief oer in ûnbekende man dy't foto's makke hie. De plysje hat yntusken kontakt mei de man hân en út dat petear hat bliken dien dat it allegear in misferstân west hat.