Lucas Bijker makket oerstap nei KV Mechelen

15 jun 2018 - 16:13

Fuotballer Lucas Bijker út Ljouwert spilet takom seizoen foar KV Mechelen. De linksback hat yn België in kontrakt tekene fan trije jier, mei de opsje foar noch in jier. KV Mechelen spilet takom seizoen op it twadde nivo yn België.

Bijker waard berne yn Brazilië en spile yn Ljouwert yn de jeugd by FVC en letter by SC Cambuur. Mei dy klup waard er yn 2013 ek kampioen fan de earste difyzje. Yn 2015 makke Bijker de oerstap nei SC Hearrenfean. It ôfrûne seizoen spile er 22 wedstriden by Cádiz op it twadde nivo yn Spanje.

Syn nije klup, KV Mechelen, degradearre dit seizoen fan it heechste nivo yn België.

(advertinsje)
(advertinsje)