Nij kolleezje Achtkarspelen makket keapsnein mooglik

De earste keapsnein yn Achtkarspelen is op 5 augustus. It nije kolleezje fan de gemeente hat de keapsnein mooglik makke. It CDA, de ChristenUnie en Gemeentebelangen Achtkarspelen ha de winkeltidenferoardening sa oanpast, dat ûndernimmers tenei op sneins tusken 1 en 6 oere middeis iepen kinne.
Winkelstrjitte yn Surhústerfean © Google Street View
Dat is dien om de sneinsrêst diels te respektearjen. De winkelminsken meie sels bepale oft se al as net meidogge oan de sneinsiepening. Mei it iepenstellen fan de winkels op de snein rint Achtkarspelen wer lyk op mei de buorgemeenten.
De gemeenteried sil op 19 july noch wol te set oer it koälysje-akkoart "Mei-inoar trochpakke", dêr't de sneinsiepening yn stiet. Sjoen eardere diskusjes, liket dit debat in formaliteit te wurden.