Omwenners tsjin op ôfsluten Alde Dyk by Koatstertille

Omwenners binne tsjin op it ôfsluten fan de Alde Dyk tusken Koatstertille en Bûtenpost. Se hawwe in list mei fyftich hantekeningen yntsjinne by de gemeente Achtkarspelen. Dy wol op de krusing fan it Nonnepaed en De Miedwei in knip yn de dyk oanbringe. Trochgeand ferkear kin de Alde Dyk dan net langer brûke en moat yn guon gefallen omride.
De maatregel moat neffens de gemeente slûpferkear tsjingean. Om dy reden binne guon omwenners just foar de yngreep.