Sander Arends lit kâns op stunt yn Rosmalen lizze

Op it gerstoernoai fan Rosmalen is Sander Arends út Ljouwert der krekt net yn slagge om de heale finale te berikken. De Poal Lukasz Kubot en de Braziliaan Marcelo Melo, as earste pleatst, ûntsnapten mei 4-6, 6-4 en 10-8 tsjin Arends en syn maat Matwé Middelkoop.
© www.orange-pictures.nl
Arends en Middelkoop pakten al yn de tredde game fan de wedstriid in betide foarsprong troch in break te meitsjen op de opslach fan Melo. Dat ferskil koene se fêsthâlde oant 5-4. Op dy stân helle Arends mei in goeie opslachgame de set binnen.
Ek yn de twadde set wie der in sterke start foar it Nederlânske koppel. Op 'e nij pakten se in break yn de tredde game, dizze kear op de opslach fan Kubot. Op 3-2 pakten Kubot en Melo de break werom. Op 5-4 pakten de favoriten op 'e nij in break, wêrnei't in supertiebreak de beslissing bringe moast.
Dêryn wie it lang spannend en gie it yn it oant 6-6 gelyk op. Dêrnei pakten Kubot en Melo in gatsje nei 8-6 en dat koene Arends en Middelkoop net mear goedmeitsje.