Blokkade Sint-yntocht yn oktober ynhâldlik foar de rjochter; trije tsjûgen taheakke oan de list

15 jun 2018 - 14:04

Foar de ynhâldlike behanneling fan de rjochtsaak oer de blokkade fan de A7 by de lanlike Sinteklaasyntocht yn Dokkum, binne yn oktober fjouwer sittingsdagen ynpland. Dit sil wêze op 8, 9, 11, 12 oktober. Dat waard freedtemiddei besletten by de rezjysitting yn de rjochtbank yn Ljouwert. Dêr is ek fêststeld dat trije tsjûgen oan de list taheakke wurde dy't yn oktober heard wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Yn totaal wurde 34 Friezen tusken de 20 en 60 jier fertocht fan it blokkearjen fan de A7 by De Jouwer, op 18 novimber foarich jier. Sy parkearren harren auto's op de dyk. Hjirtroch koene trije bussen mei oanhingers fan Kick Out Zwarte Piet net trochride nei Dokkum, dêr't sy protestearje woene by de yntocht fan Sinteklaas. Der ûntstie in kilometerslange file op de A7. De demonstraasje tsjin Swarte Pyt gie úteinlik net troch nei in needbefel fan de gemeente Dongeradiel.

Neffens it Iepenbier Ministearje soarge de blokkade foar in gefaarlike situaasje. Ek it behinderjen fan de demonstraasje sels wurdt de blokkearders oanrekkene. In frou wurdt ek fertocht fan opruiïng, om't sy op Facebook oprôp ta de blokkade.

Plysje-agint

Der kamen freed allinnich ûndersykswinsken oan bar. De waard net ynhâldlik op de saak yngien, dat bart dus pas yn oktober. Advokaat Tjalling van der Goot, dy't 33 fertochten bystiet, die freed it fersyk om in plysje-agint te hearren dy't foar de dei fan de blokkade opdracht jûn hawwe soe om de Facebook-oprop fuort te heljen. De frou hat dit dien, wêrtroch't de fertinking tsjin de frou ferfalle moat, fynt Van der Goot. De rjochtbank gie akkoart mei dizze winsk.

Lokoboargemaster

Dêrneist wurdt ek lokoboargemaster Pytsje de Graaf fan Dongeradiel heard, oer it úteinlik ferbieden fan de anty-swarte pite-demonstraasje. Neffens Van der Goot hie Kick Out Zwarte Piet nei de blokkearing op de A7 noch de kâns om te demonstrearjen.

Sprekrjocht Kick Out Zwarte Piet

Van der Goot fûn ek dat Kick Out Zwarte Piet gjin sprekrjocht hawwe mei by de ynhâldlike behanneling fan de saak, om't sy gjin slachtoffers wêze soene. Dit fersyk hat de rjochter ôfwiisd. Sy meie yn oktober dus harren ferhaal dwaan foar de rjochter.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De publike belangstelling wie freed grut. Bûten de rjochtbank yn Ljouwert waarden spandoeken toand mei teksten as 'Zwarte Piet discrimineert niet'.

(advertinsje)