Mear subsydzje-oanfragen foar ynnovaasje yn it mkb

It tal ûndernimmers yn Noard-Nederlân dat yn 2017 jild oanfrege út it Europees Fonds Regionale Ontwikkeling is flink tanaam. Dat meldt it SNN, it Samenwerkingsverband Noord-Nederland. It totaal oantal oanfragen gie ferline jier mei hast 30 persint omheech, mei-inoar foar in bedrach fan goed 90 miljoen euro.
De Europeeske subsydzje gie nei 378 mkb-bedriuwen. SNN wol dat der yn 2020 goed 570 bedriuwen meidogge oan ynnovaasjeprojekten. Ien fan de Fryske bedriuwen dy't Europeeske subsydzje krige, is Mastivax yn Easterwâlde. It bedriuw helpt feehâlders om minder antybioatika te brûken.