Histoaryske wetterput fûn by graafwurk tún Stiens

15 jun 2018 - 13:51

By graafwurk foar in drainaazje yn harren achtertún, ha Bram Schuurman en Annelies Fortuin út Stiens in komplete wetterput fûn. Archeolooch Robbert Velt seit dat it giet om in 18e-iuwske put fan âlde gieltsjes, dy't oant let yn de 19e iuw brûkt is.

Foto: Robbert Velt

De bewenners wolle de seis meter djippe put yn eare werstelle en op 'e nij brûke foar harren tún. De put is net it iennige dat fûn is, der kamen ek âlde buorden, gaspen, pipen en muntsjes boppe wetter. Velt is benammen bliid mei in sulveren munt út 1680 út Gelderlân.

Ferslachjouwer Remco de Vries wie by de wetterput yn Stiens

Trefwurden: 
Stiens wetterput munten
(advertinsje)