Filmmakkers Redbad wolle oanpassing fan leeftiidsgrins

15 jun 2018 - 13:06

De makkers fan de film Redbad wolle dat de leeftiidsgrins fan harren film oanpast wurdt. Redbad hat fan de organisaasje dy't ferantwurdlik is foar de filmkeuring, in leeftiidsgrins fan 16 jier en âlder krigen. De produsint fan de film, de Fries Klaas de Jong, is it hjir net mei iens. Hy fynt dat de film ek foar jongerein in wichtige boadskip hat. Bern fan 12 jier en âlder soenen dêrom, ûnder begelieding fan in folwoeksene, de film yn de bioskoop sjen moatte kinne.

"De vraag luidt of de regels niet verouderd zijn en dienen te worden bijgesteld. Ouders weten het best wat hun kinderen wel en niet aankunnen", stiet yn in statement fan Klaas de Jong en distributeur Splendid Film.

Yn it ferline sprutsen oare filmmakkers har ek al út oer de keuring. Sa wie regisseur Dick Maas net bliid mei de leeftiidsgrins foar syn films Sint en Prooi. Redbad giet sneon oer in wike yn premjêre yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Klaas de Jong Redbad
(advertinsje)