Mobyl gemeenteloket yn Bakhuzen

Yn multyfunksjoneel sintrum De Gearte yn Bakhuzen sit oant ein dit jier in mobyl gemeenteloket. Ien kear yn de moanne kinne ynwenners fan de gemeente De Fryske Marren hjir terjochte. It idee kaam fan de gemeente en doarpsbelang is entûsjast.
Ynwenners fan Bakhuzen en omkriten kinne faak net út de fuotten mei de iepeningstiden fan it gemeenteloket op De Jouwer. Boppedat fine guon minsken dat te fier fuort. Tongersdei is de proef úteinset. Dêrby binne santjin saken behannele, njonken rydbewizen en paspoarten wiene der trije meldingen oer de iepenbiere romte. Op 5 july is it gemeenteloket wer yn Bakhuzen.