Keunstgers foar Lemster fuotbalclub CVVO

15 jun 2018 - 11:24

Op sportpark De Rien op De Lemmer wurdt no moandei begûn mei de oanlis fan in keunstgersfjild. Fuotbalferiening CVVO hopet it nei de simmer yn gebrûk nimme te kinnen. Wethâlder Jos Boerland jout moandeitemiddei de offisjele ôftraap fan de wurksumheden. Ien fan de besteande trainingsfjilden fan CVVO leit der min by. Dit wurdt no ferfongen troch keunstgers. Op it sportpark is gjin romte foar in nij trainingsfjild.

Trefwurden: 
De Lemmer CVVO keunstgers
(advertinsje)
(advertinsje)