Kultuerfûns jout jild oan Fryske projekten

15 jun 2018 - 11:05

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân stipet 27 kultuer- en natuerprojekten yn de provinsje mei goed 53.000 euro. Der binne bydragen foar ûnder oare Media Art Fryslân, Stichting Stoereloer en Oudheidkundige Vereniging Warkums Erfskip.

Foto: Shutterstock.com

Media Art Fryslân krijt 5000 euro foar Light Challenge 2018, in ûntwerpwedstriid foar studinteteams oer it tema ferljochting. De Stichting Stoereloer krijt 3500 euro foar it projekt SPONS! Yn de simmerfakânsje sille sa'n 400 Ljouwerter bern ûnder begelieding fan keunstners, spûnskeunstwurken meitsje. Dy wurde fan 't hjerst eksposearre yn de binnenstêd fan Ljouwert.

Fierder is der 2500 euro takend oan de Oudheidkundige Vereniging Warkums Erfskip foar it op 'e nij pleatsen fan de Warkumer keamer yn it âlde monumintale stedhûs yn Warkum. It giet om de bertekeamer fan de ferneamde keunstner Tjipke Visser.

Letter dit jier sil it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân noch twa kear bydragen takenne oan projekten yn de provinsje.

(advertinsje)