"Besetting kommisje fleanbasis moat oars om gemeentlike weryndieling"

15 jun 2018 - 11:02

De gemeentlike weryndieling yn Fryslân hat ek gefolgen foar de Commissie Overleg en Voorlichting Milieu fan de fleanbasis by Ljouwert. Eltse gemeente dy't binnen it fleangebiet fan de basis falt, is mei twa minsken yn de kommisje fertsjintwurdige. Mar no't it oantal gemeenten werom gien is fan tsien nei fiif, komt it lykwicht yn de fertsjintwurdiging fan ynwenners yn de kommisje faai te stean.

Nettsjinsteande dat de fertsjintwurdigers fan Definsje en de fleanbasis der op tsjin binne, wol in mearderheid fan de kommisje no dat de gruttere gemeenten ek mear fertsjintwurdigers ôffeardigje meie. Dêrfoar moat de Luchtvaartwet oanpast wurde. De kommisje hat steatssekretaris De Vries no in brief stjoerd mei it fersyk de wet oan te passen.

(advertinsje)
(advertinsje)