LIVEBLOG: Rezjysitting A7-blokkearders foar de rjochter

15 jun 2018 - 10:00

De rjochtbank behannelet freed yn in rezjysitting de saak tsjin de A7-blokkearders. It Iepenbier Ministearje hat 34 fan harren oanklage. Op de rezjysitting fan freed wurdt ûnder oare bepraat oft der noch ûndersyksfragen binne.

De fertochten binne oanklage foar it iepentlik blokkearjen fan de dyk en it tsjingean fan in demonstraasje. Troch de sneldyk te blokkearjen hawwe de fertochten foar in gefaarlike situaasje soarge. De bussen mei demonstranten waarden klemriden en der ûntstie in file.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer folget de saak yn de rjochtbank. Hy folt dizze liveblog hjirûnder oan mei nije ynformaasje.

11:44

De rjochter is werom. Utspraak. Persoan dy't Jenny Douwes ferteld hat dat se net ferfolge wurde soe, wurdt heard. Sprekrjocht foar Mitchell Esayas wurdt wol takend. Lokoboargemaster fan Dongeradiel wurdt ek heard. Ferfolch op 8, 9, 11, 12 oktober mei reservedatum 15 oktober. Sitting sletten.

11:26

Advokaat van der Goot seit yn taljochting dat fertochte fan opruiïng troch plysje ferteld is dat der gjin strafferfolging komme soe as oprop ta blokkade fan iepenbiere wei om demonstranten tsjin te hâlden fan Facebook ferwidere wurde soe. Hy wol graach mei dizze plysjeman prate.

Van der Goot fynt sprekrjocht fan Mitchell Esajas fan aksjegroep Kick-Out Zwarte Piet net nedich omdat hy gjin slachtoffer is fan de blokkade fan de A7. De oanklacht giet oer it yn gefaar bringen fan minsken troch de blokkade. As sprekrjocht tastien wurdt oan Esajas, soe dat ek moatte foar alle minsken dy't dy dei net fierder koenen.

12:08
Flyers dy't foar de rjochtbank ferspraat wurde
Foto: Omrop Fryslân
10:43

Fertochten krije fan de rjochter romte om wat te sizzen. Net ien makket hjir gebrûk fan. Rjochter giet yn beried oant 11.45 oere. Sitting skorst.

10:38

Offisier fynt it hearren fan de lokoboargemaster net nedich. Blokkade wie foardat demonstraasje yn Dokkum ferbean waard troch lokoboargemaster. Fertochten wienen dúdlik fan plan om de demonstraasje tsjin te hâlden. Van der Goot tinkt dat Mitchell Esajas fan aksjegroep Kick-Out Zwarte Piet, dy't de demonstraasje yn Dokkum hâlde woe, gjin sprekrjocht ha moat yn dizze saak. Offisier fynt fan wol.

10:34

Advokaat van der Goot wiist derop dat it de fraach is oft de fertochten de demonstraasje yn Dokkum ûnmooglik makke ha. De demonstraasje waard ferbean troch de lokoboargemaster fan Dongeradiel. Dy moat heard wurde. Fierder tal fragen dy't te krijen hawwe mei yndividuen en juridysk technyske saken.

10:28

Offisier fan justysje leit easken ut. Wichtichste binne blokkade fan de iepenbiere wei en ferhindering geoorloofde betoging. Ien fan de fertochten wurdt opruiing ta lêste lein. Advokaat Tjalling van der Goot hat gjin fragen oer tenlastelegging. Wurde sa oernaam.

10:16
Doel fan de rezjysitting

De rjochter leit út dat saak hjoed net oer ynhâld giet en dat fertochten harren ferhaal net dwaan kinne. It giet hjoed net oer de ynhâld mar oer de winsken dy't der noch binne foardat de ynhâldlike saak begjinne kin. It wurd is oan harren advokaat Tjalling van der Goot. Advokaat Barbara Klunder en har kliïnt hawwe gjin fragen of fersiken en binne net oanwêzich.

9:58
Demonstranten bûten de rjochtbank
9:55
Unrêst bûten de rjochtbank

Bûten de rjochtbank binne fannemoarn in pear groepkes minsken aktyf dy't harren stipe útsprekke foar it behâld fan de Swarte Pyt tradysje. Om kertier foar tsienen ûntstiet der wat ûnrêst by de yngong fan de rjochtbank, omdat in tal minsken dy't har net oanmeld hawwe, ek nei binnen wol. Mar nei oerlis wurdt dit oplost en kinne se toch nei binnen. By de start fan de sitting binne 10 fan de 34 fertochten oanwêzich en sa'n tritich minsken publyk.

9:49
Demonstranten sammelje bûten de rjochtbank yn Ljouwert
(advertinsje)