Epke Zonderland en frou wurde heit en mem: "Yntins gelokkich"

Epke Zonderland en syn frou Linda ferwachtsje in berntsje. Dat makke de 32-jierrige topturner fan De Lemmer bekend op Twitter. It wurdt foar it stel, dat yn 2016 troude, harren earste berntsje. Op social media streame de felisitaasjes yntusken binnen.
"Wy binne yntins gelokkich mei it yn ferwachting wêzen en we sjogge geweldich út nei de komst fan de poppe", lit it stel freed witte.
Epke wie koartlyn noch yn it nijs om't er nei tolve jier ôfstudearre is as dokter.