Veilig Thuis Fryslân yn aksje foar feilichheid âlderein

15 jun 2018 - 07:58

Hieltyd mear âldere minsken wurde slachtoffer fan finansjeel misbrûk, en dat moat ophâlde. Veilig Thuis Fryslân organisearret dêrom freed, op de dei tsjin âlderenmishanneling, ynringearkomsten yn trije Fryske gemeenten.

Âldereinsoarch - Foto: Shutterstock.com

Nei skatting giet it jierliks om 30.000 âlderen dy't slachtoffer wurde fan finansjeel misbrûk. It misbrûk fan âlderen wurdt faak net sa gau opmurken, om't se har der bygelyks foar skamje of om't it om famylje giet.

De gearkomsten wurde freed organisearre op de gemeentehuzen yn Bûtenpost, Ljouwert en Snits. Ek saakkundigen fan bygelyks it notariskantoar en fan de bank binne oanwêzich om advys te jaan oan âlderen en professionals.

Jacobien Lugtenborg, manager fan Veilig Thuis Fryslân

(advertinsje)