Kollum: "Huzejacht"

15 jun 2018 - 07:27

"Ik lies in stikje oer in frou dy't lilk wie omdat Kate út Ingelân der sa goed útseach doe't se sân oeren nei de befalling de poppe oan de parse en it folk sjen liet. Se wie net de iennige, want blogmemmen oer de hiele wrâld wiene it mei har iens. Sokken poste dan faak wer foto's om sjen te litten dat se der net útsjogge nei in befalling. Dat fine se wol realistysk en it byld dat Kate of guon fotomodellen delsette, net.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Mar wat is yn dit ferhaal no dè realiteit? Dêr't de iene al gau nei de befalling wer in platte búk hat, duorret it by de oare wat langer. Mar foar fotomodellen en prinsessen is harren liif har wurk of fisitekaartsje. Mei in izeren dissipline en trochsettingsfermogen bliuwe se meastentiids sportyf en slank. Ek as se swanger binne, wylst in hiele soad oare froujlu de boel de boel litte en ite foar twa.

Ast in liif sjochst as in hûs, dan wenje fotomodellen yn goed onderholden filla's. Se hawwe de dissipline om alle dagen hûs en hiem netsjes te hâlden en tôgje de keet net fol mei troep. As der in orkaan mei de namme 'Befalling' foarbykomt dy't soarget foar de nedige stoarmskea, dan lizze se nei de tiid sels de pannen wer op it dak en dogge se der alles oan om de boel sa gau mooglik wer klear te krijen.

Guon oaren wenje yn in ferfallen hûs. Se fiele har net bot ferantwurdlik en sitte leaver op 'e bank as op 'e crosstrainer. De keet leit fol rotsoai en bûtenom is ek genôch efterstallich ûnderhâld. As deselde orkaan foarby komt, dan suchtsje se moedeleas en ploffe se wer op 'e bank del. Gjin motivaasje en enerzjy om by de ljedder op te klimmen en it is allegear de skuld fan de orkaan. Op 't lêst skamje se harren foar de steat fan ferfal, sadat de gerdinen altyd ticht binne en se leaver ek gjin besite mear ha wolle.

Ik ha net yn in filla wenne, mar myn ûnderkommen wie wol reedlik strak en oan kant. Dochs ha ik nei de earste orkaan keazen foar in smûke gesinswenning omdat ik gjin nocht en tiid mear hie om alles by te hâlden. Sa út en troch lit ik it der op oankomme, mar ik jou mysels op 'e tiid in skop ûnder de kont sadat it oersichtlik bliuwt en ik net tefolle achter de feiten oanrin. As ik wol dat it wer sawat wurdt as foar de orkaan, dan moat ik better myn bêst dwaan en immen mei gouden hantsjes sykje.

Ik bin net jaloersk op froulju dy't yn in filla wenje, want it is in soad wurk. En Kate wennet yn in paleis, dat betsjut noch mear drokte. De muorren binne dik en sterk omdat se net fersaakt yn it ûnderhâld. De kâns is grut dat se dêr help by hat, mar dat kin ek hast net oars mei safolle kante meter.

As immen dêr net oer kin omdat har balkon nei ûnderen donderet, wol dat noch net sizze dat it by in oar ek sa is. Elts húske hat syn krúske, mar dêrom kin de bleek wol netsjes meand wêze! En in goed onderholden hûs fan 100 jier kin der gâns fleuriger by stean as in nijbouwenning dêr't amper nei omsjoen wurdt.

As it gers by Kate griener is as by de buorfrou, dan past se de wierskynlik better op dus dan is dat ek har realiteit. Mar dêrom hoecht it net te betsjutten dat it de realiteit fan alle buertbewenners is."

(advertinsje)