Grou, Makkum en Wjelsryp winne foarrondepartijen IFK Jeu de Pelote

15 jun 2018 - 06:59

De partoeren fan Grou, Makkum en Wjelsryp hawwe harren pleatst foar de earste ronde fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote. Sy wûnen tongersdeitejûn harren foarrondepartijen op It Plein yn Easterlittens. Mei de winners fan tongersdei derby, binne no alle dielnimmers oan de earste ronde fan it IFK bekend.

Foto: twitter @KVOnderOns

Grou wie yn in spannende partij mei 7-5 te sterk foar Seisbierrum. Makkum wûn mei 7-6 fan Reahûs/Turns en Wjelsryp sette mei 8-3 Deinum oan de kant.

De earste omloop fan it IFK set freed útein. Hjir dogge de tolve winners fan de foarrondes oan mei, plus de bêste fjouwer partoeren fan ferline jier. Dat binne Ljouwert, Winsum, Easterein en titelferdigener Easterlittens.

Jeu de Pelote is in fariant fan it keatsen dy't ferskilt mei it tradisjonele Fryske spul: sa besteane de partoeren út fiif spilers en is it fjild in stik smeller.

Trefwurden: 
Jeu de Pelote
(advertinsje)