Sâlte grienten ferbouwe op Skylge

Stifting De Zilte Smaak is op Skylge úteinset mei in proef om sâlte grienten te ferbouwen. Sa as kwelderkrûd (zeekraal), see-aster, iiskrûd en seefinkel. "Elke dag verdwijnt er wereldwijd 200 hectare aan landbouwgrond door verzilting'', fertelt Hans Wilmink, ien fan de inisjatyfnimmers. Sâlte grienten kinne hjir wol gewoan op ferboud wurde.
Sâlte griente op Skylge
Allinnich in soad minsken binne net bekend mei dizze grienten. "Het is hartstikke lekker en groeit in ons land gewoon langs de kust. Gek eigenlijk dat bijvoorbeeld zeekraal in de supermarkt uit het buitenland komt'', sa fynt Flang Cupido, kok en ek inisjatyfnimmer fan de proef.
Stichting De Zilte Smaak is ien fan de hûnderten lytsere mienskipsprojekten fan Kulturele Haadstêd. Se dogge harren proef mei jild út it mienskipsfûns en fan de Europeeske Uny. Se meitsje ek diel út fan it Europeeske projekt Sealine Farming. De earste risping wurdt oer in pear wike ferwachte. It is de bedoeling dat de Skylger hoareka de grienten brûke sil.
Sâlte grienten ferbouwe en ite op Skylge