Lintsje foar dûnsskoallehâlders yn Snits

14 jun 2018 - 23:15

Rudolf Vergonet (65) en Jolanda Vergonet-Roosenstein (61) fan Snits binne tongersdeitejûn keninklik ûnderskieden. It pear waard beneamd ta Lid yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau. Lokoboargemaster Stella van Gent fan de gemeente Súdwest-Fryslân rikte de lintsjes út.

Foto: ANP

It pear waard ûnderskieden oan de ein fan it slotfeest fan harren dûnsskoalle. Dûnsskoalle Vergonet is al tsientallen jierren net mear wei te tinken út Snits. Soan Rudolf naam de dûnsskoalle yn 1975 oer fan syn heit, tegearre mei syn frou Jolanda.

Hoewol't dit ek harren lêste seizoen wie, hâldt it pear net op. Rudolf en Jolanda gean de kommende tiid troch mei it organisearjen fan frije dûnsjûnen oant der in nije eigener fûn is foar de dûnsskoalle.

(advertinsje)