Bewenners flatgebou Ljouwert lilk fanwegen langduorjende renovaasje

Bewenners fan flatgebou De Bird yn de Ljouwerter wyk Bilgaard binne lilk, om't de renovaasje fan it flatgebou folle langer duorret as tasein wie. Dat skriuwt de spesjaal oprjochte bewennerskommisje yn in brief.
De kommisje is lilk op wenningkorporaasje Elkien en hierdersplatfoarm Nieuw Elan, om't dy neat dogge mei de talleaze klachten fan bewenners. De renovaasje fan De Bird sette yn augustus ferline jier útein en fjouwer moannen yn beslach nimme. Hast in jier letter it it wurk noch altyd net klear.